No alle frysk oekumenyske wurkferbannen op ien hiemside!

Wurkferbannen dy't harren site pleatse wolle op www.fryskow.nl kinne in hantlieding opfreegje by goodijk@home.nl
As der by de pleatsing problemen binne, kin der kontakt opnommen wurde mei:
argoodijk@gmail.com  of telefoanysk: 06-15303245.

 

Wat is Kruspunt?

Krúspunt is it moetingsplak foar organisaasjes en persoanen dy’t mear wolle en kinne mei it Frysk yn en om tsjerke hinne.

Krúspunt, oan ‘e digitale snelwei fan ynternet, sammelet alle ynformaasje, nijs en ûntwikkelings, dy’t raakflakken hawwe mei tsjerke/religy en de Fryske taal/streek­ta­len. Mei help fan ús webside ûntwikkelje wy in databank mei relevante ynformaasje oer it brûken fan it Frysk yn lieten en gedichten, liturgy, tsjinsten en diskusjerûnten, mei links en aktualiteiten, mei fideo, foto’s  en muzyk.

Krúspunt is in ideële organisaasje, dy’t ôfhinklik is fan jeften en legaten. Mei help fan stipers kin Krúspunt in moetingsplak wêze foar leauwen en taal.

Krúspunt wol sa in wichtige bydrage leverje oan it yntegrearjen fan ‘e Fryske taal/streektaal yn alle kristlik-religieuze uterings

Sjoch no foar alle ynformaasje: www.kruspunt.nl